Prizen op provinsjaal konkoers

© Omrop Fryslân
By it provinsjaal solistekonkoers yn Ljouwert hat Geertje Schoonbergen fan Drylts op hoarn wûn yn de jeugddivyzje. Oare kampioenen wiene Arjan Jongsma fan Boarnburgum op lytse trom, Robbert Oegema fan Surhústerfean en Jantina Rozema, beide op kornet.
Fierder waarden prizen helle troch Geetje Postma fan Hoarnstersweach op hoarn en Ilse Bies fan Burgum op altsaksofoan. Oan it konkoers diene 58 solisten út Fryslân mei.