Plysje ûndersiket bedrigings

07 mrt 2005 - 11:10

De plysje yn Noard-Gelderlân ûndersiket noch hieltiten de deadsbedrigings oan it adres fan eks-bestjoerslid Gert van Dijkhuizen fan it Frysk Hynstestamboek. Van Dijkhuizen waard tiisdei klemriden. Hy moast syn funksje dellizze, oars soe him of syn famylje wat oandien wurde, waard sein. Van Dijkhuizen hat oan de eask foldien.

Neffens de plysje binne der genôch oanwizings, mar sil de saak net gau oplost wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)