Jeroen de Vries wint maraton

06 mrt 2005 - 15:23

Jeroen de Vries fan Sint Nyk hat sneon de maraton fan Alkmaar wûn. De Vries ûntsnapte yn de slotfaze út in kopgroep fan sân man en ried solo nei de einstreek. Bob de Vries fan De Haule waard tredde.

It wie de op-ien-nei lêste wedstryd om de Essent-cup. Nije wike wurdt op it Hearrenfean de lêste maraton fan dit seizoen riden. Jan-Maarten Heideman stiet boppe-oan yn it klassement. Him kin de winst hast net mear ûntgean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)