Osinga: 'Ienheid BFVW bewarje'

© Omrop Fryslân
Foarsitter Osinga ropt de leden fan it Bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten op ienriedich te bliuwen en besluten fan it bestjoer te folgjen. Osinga die syn oprop freed op de jierlikse ledegearkomst fan it BFVW.
Der waard ek praat oer de strideraasje oer it aaisykjen. Tsjinstanners litte gjin kâns lizze om it bûn yn in kwea deiljocht te stellen. Soks is net ferstannich. It is wichtich om ien sletten front te foarmjen, fynt Osinga.