Sto-snie op Fryske diken

© Omrop Fryslân
Rykswettersteat warskôge foar sto-snie en glêdens op de Fryske diken. Troch de hurde wyn waait de snie op. Sko-ploegen hawwe freedtenacht op de Wâldwei en by Harns en Surch drok dwaande west om sto-snie fan de dyk te heljen.
Der is sâlt struid, mar trochdat der minder ferkear is, wurdt it minder gau ynriden. De plysje seit dat der gjin grutte problemen mei it ferkear west hawwe. It trein- en busferkear rydt ek gewoan.