Unyk paad yn Drents-Friese Wold

06 mrt 2005 - 12:58

Yn de bosk fan it Drents-Friese Wold is in unyk paad oanlein dat spesjaal bedoeld is foar âlderein en minsken mei in rolstoel. It saneamde famyljepaad rint troch de bosken. En mei spesjale rolstuollen kin sels troch it swiere losse sân hinne riden wurde.

By it paad is ek in toilethûske en om de 50 meter stiet in bankje. It paad kostet in heal miljoen euro. It sil yn april offisjeel iepene wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)