Bonnen foar miljeu-oertredings

© Omrop Fryslân
De plysje yn Noardeast-Fryslân hat by miljeukontrôles de ôfrûne wiken 16 kear in proses-ferbaal útskreaun. Dat wie foaral foar it ferbaarnen fan ôffal. Dat is yn alle gefallen ferbean, sels as je it yn stielen bakken of tonnen dogge.
De plysje hat ek bonnen útdield foar it útriden fan dong. De kommende moannen wurdt der ek noch kontrolearre oft miljeufoarskriften net skeind wurde.