Jonges stelle foar 500 euro

06 mrt 2005 - 12:56

Yn Tytsjerk binne freed trije jonges fan 15 út Ljouwert oanhâlden foar stellerij. Ien fan har hâlde yn in winkel de kassajuffer oan de praat. De oaren treaunen wilens in tas fol mei sigretten en sjek. It guod hie in wearde fan 500 euro.

Neidat se de winkel útgien wiene, waard de stellerij ûntdutsen. Winkelpersoneel koe ien fan de dieven achterhelje. Dy hie de tas mei it stellen guod by him. De plysje hat de oaren oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)