Lêsprogramma foar bern

© Omrop Fryslân
Bern tusken de 4 en 12 jier kinne fan moandei ôf yn de bibleteken fan Jobbegea en it Hearrenfean meidwaan oan it lêsprogramma 'een duik in de tijd'. Bern dy't meidogge krije foar elk boek dat se lêzen ha in stikker op in kaart. By trije stikkers ha se in presintsje fertsjinne.
It lêsprogramma wurdt organisearre yn it ramt fan de berneboekewike, dy't woansdei begjint. Der is yn de bibleteken ek in útstalling oer it tema.