Vlasveld twadde by WK triatlon

06 mrt 2005 - 12:09

Marianne Vlasveld fan Reahel is twadde wurden by it wrâldkampioenskip wintertriatlon yn Slowakije. Har fêste konkurrinte, de Dútske Sigrid Lang, waard earste. Nei it earste ûnderdiel, it rinnen, stie Vlasveld noch earste. Mar by it fytsen helle Lang har yn.

Al jierren giet de striid om de wrâldtitel tusken de twa froulju. Lykas ferline jier wie Lang ek dit jier wer de sterkste. Vlasveld wûn yn 2002 en 2003.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)