Boat yn 'e brân: man ferwûne

05 mrt 2005 - 12:44

In Ljouwerter wenboatbewenner is freed slim ferwûne rekke doe't in kachel yn syn boat ûnplofte. Syn wenboat, dy't oan de Emmakade leit, rekke fuortendaliks yn de brân.

De man koe sels fan it skip komme en liet himsels foaroer yn de snie falle om't er brânwûnen yn it gesicht hie. Hy is opnommen yn it sikehûs. De Ljouwerter wie de boat oan it ferbouwen. It doel woe om der yn april mei de húshâlding yn te lûken

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)