CDA wol service-bus werom

04 mrt 2005 - 17:08

It service-buske foar âlderein yn de gemeente Smellingerlân moat fan 1 maaie ôf wer ride. Dat fynt de CDA-fraksje yn de gemeente. Troch besúnigings op it iepenbier ferfier is de service-bus begjin dit jier ferdwûn.

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders moat útsykje hoe't de bus werom komme kin, sa freget de CDA-fraksje oan b en w. Alle wiken makken sa'n 250 minsken gebrûk fan de service-bus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)