Swimbad de Jouwer opknapt

© Omrop Fryslân
Swimbad De Stiennen Flier op 'e Jouwer wurdt foar hast 340.000 euro opknapt. It giet om grut ûnderhâld. De flierren en de wanden wurde oppenij foechd en it stek om it swimbad hinne wurdt fernijd. Der komt ek in nije glydbaan, omdat de âlde net mear oan de easken foldocht.
Fanwege de wurksumheden is swimbad De Stiennen Flier de twa wiken nei de pinksterdagen ticht foar publyk.