Problemen trein troch kjeld

© Omrop Fryslân
Yn tsjinstelling ta eardere berjochten hat it treinferkear yn Fryslân hjir en dêr flinke fertraging oprûn troch de lege temperatueren fan freed.
Earder melde Noordned dat der allinne fertraging wie tusken Ljouwert en Grins. Mar ek op oare trajekten wiene swierrichheden. Sa wiene der op it trajekt Starum-Ljouwert problemen mei de stroomfoarsjenning. Der koe mar 50 riden wurde. Tusken Harns en Ljouwert wiene wiksels beferzen.