Snits krijt nij teater

04 mrt 2005 - 10:48

Der komt in nij teater en sintrum foar de keunsten oan de Westersingel yn Snits. It wurdt boud op it plak dêr 't no noch in PTT-distribúsjesintrum sit. De gemeenten Snits en Wymbritseradiel hawwe dêr 20 miljoen euro foar oer.

It teater wurdt 600 stuollen grut mei in professjonele teatertoer en poadium. Der is plak foar professionele selskippen en amateurs. At de plannen trochgean, binne de keunstsintra yn 2008 klear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)