Jild foar ballon yn greide

04 mrt 2005 - 10:46

Boeren kinne tenei jild krije as der in ballonfarder by harren yn it lân del komt. Dat ha LTO Nederlân en de ballonfardersferienings mei elkoar ôfpraten. Boeren krije fan no ôf in basisbedrach fan 25 euro as der in ballon yn harren lân del komt.

Foarhinne krigen boeren faak allinnich in presintsje. De regeling wie nedich om konflikten tusken boeren en ballonfarders foar te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)