Frou (63) oanhâlden foar oerfal

© Omrop Fryslân
Justysje hat moandei in frou fan 63 út de gemeente it Bilt oanhâlden. Se wurdt derfan fertocht belutsen west te hawwen by in gewelddiedige oerfal yn 2001 yn Noardburgum. Dêr waard in doe 69-jierrige man oerfallen troch twa manlju mei honkbalkneppels.
Mei de oanhâlding fan de frou hat justysje it ûndersyk nei de oerfal ôfsletten. Earder dit jier waarden al trije manlju oanhâlden. Twa fan harren hawwe ûnderwilens bekend.