Túnbeurs wol mear besikers

04 mrt 2005 - 09:29

De organisaasje fan de Hûs- en Túnbeurs yn it FEC yn Ljouwert wol dit jier 32.000 besikers lûke. De beurs is tongersdei út ein set. Oant en mei snein is yn trije hallen fan it FEC fan alles te sjen op it mêd fan wenjen.

Yn it ferline waarden de twa beurzen apart fan elkoar hâlden. Ferline jier wie der foar it earst in kombinaasje. It tal besikers en it tal standhâlders wie doe tanommen. Dit jier binne der 180 standhâlders op de beurs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)