Help by trochstart lokale omrop

04 mrt 2005 - 09:14

Produksjebedriuw Het Derde Oog út Drachten wol meihelpe oan in trochstart fan de fallite lokale omrop yn Smellingerlân RTS. Het Derde Oog hat yn it ferline tv-programma's makke foar de omrop. It bedriuw wol entûsjaste frijwiligers fan RTS helpe mei de oprjochting fan in nije omropstifting.

Yn in skriuwen oan de gemeenteried freget Het Derde Oog om de needsaaklike útstjoerfergunning oan dizze nije, noch op te rjochtsjen, stifting te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)