Fertochten langer fêst

03 mrt 2005 - 15:39

De trije fertochten fan de gewelddadige dea fan de Ljouwerter kastlein De Jong bliuwe langer fêstsitten. Justysje hat it foararrest foar twa fertochten mei njoggentich dagen ferlingd. De tredde fertochte hat net bekend. Syn hechtenis is mei tritich dagen ferlingd.

De Jong (54) waard yn syn kafee yn de wyk Nijlân mei in messtek yn de hals om it libben brocht. Yn febrewaris waarden de trije oanhâlden nei tips yn it program Opsporing Verzocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)