Oppakt foar sniebaljen

© Omrop Fryslân
Op 'e Rottefalle binne twa jonges oppakt foar it smiten fan snieballen. Se bekûgelen in auto op de Litswei. De twa ynsittenden waarden bot kjel en giene achter de sniebalsmiters oan.
Underwilens wie de plysje ek al yn it doarp. Dy krige in oare melding fan skea troch in 46-jierrige automobilist út Jistrum. Hy hie in barst yn it foarrút troch in sniebal. De twa jonge Rottefalster fan 16 en 18 jier binne oanhâlden fan iepenlike geweldpleging.