Touristique bêste reisburo

© Omrop Fryslân
Reisburo Thomas Cook Touristique is útroppen ta bêste reisburo fan Fryslân. It giet om in jierlikse priis fan de Algemene Nederlandse Vereniging van Reisagenten, de ANVR en it fakblêd Reisrevu. It Fryske reisburo is no yn de race foar de lanlike titel.
De festiging fan Touristique op it Hearrenfean skoart goed op de bedriuwsfiering. Ek waard sjoen nei de saken wêrom't klanten foar it reisburo kieze ynstee foar boeken fia ynternet.