Arrestaasje by brânmelding

03 mrt 2005 - 09:49

De plysje hat woansdei twa ynwenners fan Koatstertille arresteard en meinommen nei it buro. De oanhâlding wie min of mear tafallich omdat der earst in melding wie fan brân yn in hûs oan de Paardendijk yn Koatstertille. It die bliken dat it gie om in skoarstienbrân.

De twa bewenners binne oanhalden omdat de plysje yn de wenning in hennepkwekerij oantroffen hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)