Foararrest ferlingd yn moardsaak

© Omrop Fryslân
Twa fan de trije fertochten yn de saak Nijlân moatte noch 90 dagen fêstsitten bliuwe. Dat hat de Ljouwerter rjochtbank woansdei bepaald. It giet om de fertochten fan 17 en 19 jier. De 19-jierrige seit dat er it slachtoffer yn de hals stutsen hat. Dêr is de kroechbaas oan ferstoarn.
It is foar it earst yn Ljouwert dat der gebrûk makke wurdt fan de nije mooglikheid om it foararrest mei 90 dagen te ferlingen.