Cao foar hoveniers berikt

© Omrop Fryslân
Der is lang om let in nije cao foar hoveniers. Yn maaie hawwe Fryske hoveniers noch aksjefierd op de lanlike aksjedei tsjin de cao-foarstellen fan de wurkjouwers. Dy woene dat hoveniers simmers safolle mooglik wurkje om sa oeren op te sparjen foar de winter, as der folle minder wurk is.
Oerienkommen is dat de wurkjouwer no noch in tredde diel by dy oeren docht. In hovenier hoecht dan foar in frije dei fan 8 oeren, mar 6 yn te leverjen.