Ride op Ryptsjerksterpolder

© Omrop Fryslân
Trije reedriders hawwe moandei op natueriis riden yn de Ryptsjersterpolder. Se giene letterlik oer ien nacht iis. Dat wie wat swak, mar yn it midden gie it bêst. De riders moasten wol trochriden bliuwe, want wa't stilstie of foel, sakke dertroch.
De Ryptsjerksterpolder is ien fan de plakken dêr't nei in nacht froast riden wurde kin. De trije riders dy't harren moandei op it natueriis weagen komme út Gytsjerk.