Nij registraasjesysteem haven

© Omrop Fryslân
Der is sûnt koarten eksakt bekend wat foar skippen der yn de Harnser haven lizze, en wêr se lizze. Ek kinnne fuortendaliks gegevens opfrege wurde oer de lading. Dat kin troch in nij kompjûtersysteem, dat liede moat ta in effisjintere yndieling fan 'e haven.
Troch it systeem is der no altiten in aktueel byld fan it skipfeartferkear by de haven. It systeem stiet los fan takomstich kameratafersjoch yn 'e haven. Dat is nedich tsjin terrorisme.