Smeding nimt gruthannel oer

© Omrop Fryslân
Gruthannel Smeding yn Sint Anne nimt Buter Fruitprimeurs yn Swolle oer. Buter is lykas Smeding in gruthannel yn griente en fruit. De fiif meiwurkers fan Buter bliuwe wurkjen yn de saneamde GreenStop-festiging yn Swolle.
Smeding hat santjin fan sokke festigings yn Nederlân. It binne winkels binnen de gruthannel dêr't ek griente en fruit ôfhelle wurde kin. Smeding rjochtet him op de horeka, bedriuwsrestaurants en ynstellings.