Hearrenfean - PSV: 0 - 3

28 feb 2005 - 12:06

Sportclub Hearrenfean ferlear snein mei 0-3 fan koprinner PSV. Park iepene de skoare foar de Brabanners yn 'e earste helte: 0-1. Yn 'e twadde helte krige Hearrenfean ferskate kânsen. Yn 'e 64ste minút hâldde PSV-keeper Gomes in penalty fan Klaas Jan Huntelaar tsjin. De spits miste hjirmei dé kâns op 1-1.

Verbeek liet Samaras en Sikora ynfalle om de oanfal te fersterkjen, mar de goals foelen oan de oare kant. Farfán boude de skoare út oant 0-3.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)