Utwreiding proef lânbouplastic

28 feb 2005 - 10:23

De proef mei it ynsammeljen fan lânbouplastic yn Eaststellingwerf is sa'n sukses, dat Omrin (it eardere Fryslân Miljeu) dit útwreidet oant hiel Fryslân. By 56 boeren yn Eaststellingwerf wurdt dit jier fjouwer kear brûkt plastic ophelle. It giet om in ynisjatyf fan de boeren sels, om it miljeu te sparjen.

Omrin wol no ek op oare plakken dêr't op syn minst 50 boeren belangstelling hawwe it lânbouplastic ynsammelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)