Flyers winne fan Geleen: 6 - 3

27 feb 2005 - 16:31

De Vadeko Flyers wûnen sneontejûn mei 6-3 fan Geleen. Yn in wikselfallige wedstriid kamen Feanster iishockers yn 'e earste perioade flot mei 3-0 foar. Geleem kaam lykwols yn 'e tredde perioade knap werom oant 3-2. De Flyers tochten yn dy fase dat se al wûn hiene, mar moasten dochs noch oan de bak.

Oleg Timchenko soarge der foar dat de Flyers wer yn it goeie spoar kamen. Syn beide goals en ien fan Jamie Visser soargen foar de 6-3 oerwinning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)