Aris ferliest thús fan 'e Giants

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter basketballers fan Aris ferlearen sneon de earste wedstriid fan de twadde ronde fan 'e earedivyzje. De Giants út Bergen op Zoom giene yn Ljouwert de hele wedstriid oan de lieding. De Giants wûnen dan ek fertsjinne mei 80-89.
De measte Aris-punten kamen sneon op namme fan Brandon Woudstra (21), Dallas Logan (21) en Justin Tatum (18). Troch it ferlies stiet it sechde plak fan Aris no ûnder druk.