Gefaarlike wekken by tocht '85

© Omrop Fryslân
By de Alvestêdetocht fan 1985 ûntstiene jûns by Burdaard gefaarlike tastannen. Der ûntstiene grutte wekken op de Dokkumer Ie, dêr't ferskate dielnimmers ynrieden. Guon koene mar krekt op 'e tiid rêden wurde.
Troch de minne kommunikaasje krong de earst fan 'e situaasje net troch ta de organisaasje. Dit wurdt allegearre sein yn diel 2 fan 'e dokumintêre 'De tocht dy't trochgong', dy't Omrop Fryslân snein útstjoert.