Opskuor oer katapult

27 feb 2005 - 12:17

Spesjaliteitebakker Van de Leur yn Boalsert is yn opspraak kaam troch in katapult. Van de Leur hie oan 2500 bakkers in katapult stjoerd om dêrmei in nij produkt te yntrodusearjen. De bakkers koene mei de katapult koarting sjitte op in beurs. In katapult is lykwols neffens de wet in wapen en dêrom is de Boalserter bakker troch de plysje op de fingers tikke.

Alle bakkers hawwe no in brief krigen dat se de katapult net brûke meie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)