Jild foar urnemuorre Berltsum

26 feb 2005 - 17:12

Boargemaster en wethâlders fan Menameradiel wol 5000 euro frij meitsje foar de bou fan in urnemuorre op it hôf yn Berltsum. De Herfoarme Gemeente fan it doarp hat om de subsydzje frege.

Der binne hieltyd mear kremaasjes en neibesteanden wolle in urn bysette litten. De urnemuorre kostet hast 27 tûzen euro. De helte dêrfan kin de Herfoarme Gemeente sels betelje. Sûnder subsydzje soene de tarieven foar guon minsken te heech wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)