'Kânsen op trochstart RTS'

© Omrop Fryslân
De lokale omrop fan Smellingerlân, RTS, is fallyt. De omrop hat in skuld fan 50.000 euro. De fiif fêste meiwurkers krije dien. Kurator Detmar tinkt dat de kâns grut is dat de omrop in trochstart makket. Hy tinkt oan frijwilligers dy't in nije stifting begjinne.
Op it tillevyzjekanaal fan RTS wurde gjin programma's mear útstjoerd. Op de radio geane de útstjoerings foarearst noch gewoan troch. Moandei is der in ynformaasjejûn foar frijwilligers.