Ferlies foar sealfuotballers

© Omrop Fryslân
De sealfuotballers van Hearrefean/De Koningshof hawwe freed mei 3-2 ferlern fan Volendam. Hearrenfean joech de Volendammers goed partij en hie yn de slotfase ek kânsen op de gelykmakker. De keeper fan Volendam kearde lykwols alles út syn goal. Hearrenfean stiet mei 14 punten út 20 wedstriden op it lêste plak yn de earedivyzje.
Yn de earste divyzje ferlear Avanti ek. Thús yn Stiens wie AORC út Amsterdam mei 2-4 te sterk. By rêst wie it 2-2.