21 sollisitaasjes nei Flylân

25 feb 2005 - 15:20

Der ha 21 minsken sollisitearre op de fakatuere fan boargemaster fan Flylân. Dat hat de provinsje bekend makke. Ûnder de sollisitanten binne twa froulju. Sân binne lid fan de VVD, fiif fan de PvdA, trije fan it CDA, ien fan D66, ien fan Groen Links en der is ek in kandidaat fan in lokale partij.

Fan trije minsken is net bekend at se oanslúten binne by in politike partij. Boargemaster Van der Mark fan Flylân hâldt der 1 july mei op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)