Heida fuort by de Oeverzwaluwen

© Omrop Fryslân
Jan Sietse Heida is net langer haadtrainer by de Oeverzwaluwen yn Koudum. It bestjoer fan de fuotbalklub hat besletten Heida per direkt dien te jaan. De prestaasjes fan it earste team fan de Oeverzwaluwen yn de tredde klasse falle oant no ta ôf, wylst it team ferline jier noch twadde waard.
Neffens it bestjoer is it beslút yn goed oerlis mei Heida naam. Syn kontrakt waard koartlyn noch ferlingd.