Terp fertraget nijbou Reduzum

© Omrop Fryslân
De bou fan 26 nije wenten yn Reduzum wurdt letter no't it doarp ûnferwachts in terp blykt te hawwen. De unike argeologyske fynst is oantroffen by de boarrings dy't ferplichte binne by de nijbou.
De terp stamt út it begjin fan 'e jiertelling. Hy leit net djip ûnder de grûn. De doarpsbewenners besjogge no wat de mooglikheden binne. Miskien kin de nijbou opskood wurde, mar it is ek in opsje om de terp op te graven.