Provinsje tydlik nei PTT-gebou

25 feb 2005 - 12:48

De provinsje wol tydlik ferhúzje nei it âlde kantoargebou fan de PTT oan de Snekertrekweg yn Ljouwert. Der is al in opsje nommen op it gebou; de steaten moatte der dit jier noch mei ynstimme.

De provinsje moat tydlik nei in oar ûnderkommen útsjen om't it hjoeddeiske provinsjehûs ferboud wurdt. Dêrby falt it net út te slúten dat der noch in tydlik gebou nêst it kantoar nêdich is. Fersekerder Achmea hat it kantoargebou earder ek as tydlike húsfesting brûkt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)