Skiermûntseach hâldt strippen

© Omrop Fryslân
Skiermûntseach mei de strippekaart net ôfskaffe. Minister Peijs fan ferfier hat dat ferbean. De gemeente woe sels in buskaart ynfiere om sa de besunigingen op it iepenbier ferfier op te fangen. It jild fan de strippekaarten ferdwynt no yn ien pot en dêr profiteart it fêste lân it measte fan, seit Skiermûntseach.
Minister Peijs fynt dat oeral yn it lân fia ien systeem betelle wurde moat foar de bus.