Rekonstruksje misdriuw Aldeboarn

25 feb 2005 - 09:42

Yn Aldeboarn is tongersdei de rekonstruksje fan hoe't in Irakees (40) om it libben brocht is. Syn broer (47) hat bekend dat er dat dien hat. De rekonstruksje wurdt fêstlein op fideo. De fertochte sels docht ek mei. Neigien sil wurde hoe't it misdriuw plakfûn hat. In kultureel antropolooch sil sjen nei hoe't krekt de relaasje wie tusken slachtoffer en de fertochte. Fanwege de rekonstruksje is in part fan it de Tsjerkebuorren yn it doarp ôfset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)