Jacht op damherten en bargen

© Omrop Fryslân
Yn Fryslân mei tenei ek op damherten en wylde bargen sketten wurde. De provinsje hat dêr in ûntheffing foar ôf. De bisten binne skealik foar de lânbou en kinne syktes lykas tongblier oerbringe.
Fierders binne de regels foar de foksejacht oanskerpe. Der mei no ek wer ûntheffings jûn wurde foar de foksejacht. Op dizze wize kinne de greidefûgels better beskerme wurde.