Winst foar Accell

© Omrop Fryslân
Fytsefabryk Accell op It Hearrenfean hat ferline jier folle mear nettowinst makke as it jier dêrfoar. Foar 2004 boekte it bedriuw 42 prosint mear winst yn fergeliking mei 2003. It giet dan om in bedrach fan trettjin miljoen euro.
De omset gie ek omheech, mei achttjin prosint. Accell makket fytsen fan de populêre merken Batavus, Koga Miyata en Sparta. Foar dit jier ferwachtet it fabryk in fierdere taname fan omset en de winst.