Earste stap oanpak oaljeloazing

24 feb 2005 - 12:04

De nije Europeeske regels tsjin it yllegaal loazen fan oalje op see is in stap yn de goeie rjochting. Dat fynt Gaatske Wiersma fan fûgelopfangsintrum De Fûgelpits yn Moddergat. Dêr wurde fûgels opfongen dy't it slachtoffer wurden binne fan oaljeflekken op see.

De bedoeling is dat der in Europeeske kustwacht komt dy't tafersjoch hâldt. De kâns dat in yllegale oaljeloazer pakt wurdt, is no noch hiel lyts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)