Admiraliteitshûs renovearret

© Omrop Fryslân
Museum it Admiraliteitshûs yn Dokkum slút yn maart tydlik fanwege in renovaasje. Dat is nedich omdat ferline jier de neistlizzende Baptistetsjerke foar in grutte Bonifatius-eksposysje ferboud is ta tentoanstellingsromte. De styl dy't dêryn brûkt is, moat no ek yn de rest fan it museum weromkomme.
Der komt boppedat mear romte foar tydlike eksposysjes. Op 1 juny giet it museum wer iepen.