'Fiskerijsektor ynkrimpe'

24 feb 2005 - 10:59

De Nederlânske kotterfloat moat ynkrimpe, oars kin de fiskerijsektor net mear út. Dat advisearret in stjoergroep fiskerij ûnder lieding fan kommissaris Nijpels. De maatregel is nedich om't de fangstbeheinings hieltyd stranger wurde, de oaljeprizen omheech gean en fisk net folle djoerder wurdt.

Yn it rapport fan de stjoergroep stiet dat der in sanearingsplan foar de kotterfloat komme moat. Ek moat it tal fan 11 fiskôfslaggen werom nei 3 of 4.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)