Bou Bullepolder kin no los

24 feb 2005 - 06:54

Ljouwert mei bouwe yn 'e Bullepolder, sa hat de Rie fan Steat bepaald. Tsjin de bou fan 400 lúkse wenten oan 'e noardkant fan 'e stêd wie protest oantekene troch Miljeudefinsje en Doarpsbelang Lekkum, Miedum en Snakkerbuorren.

De wyk leit njonken natuergebiet De Grutte Wielen, beskerme neffens de Europeeske Fûgelrjochtlinen. De Rie fan Steat fynt dat der noch genôch plak foar de fûgels oerbliuwt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)