Van Kralingen sjongt yn Berltsum

© Omrop Fryslân
Soliste Miranda van Kralingen sil sjonge op it 110-jierrich jubileum fan de kristlike muzykferiening De Bazuin út Berltsum. Tidens dit jubileum nimt dirigint Dirk Lautenbach ôfskie. Hy hat tritich jier dirigint west.
Op 4 en 6 maart binne der konserten. Snein 6 maart treedt Miranda van Kralingen op. Sy is by it grutte publyk bekend fan har útfiering fan it Ave Maria by it houlik fan prins Willem-Alexander mei Máxima.